Joop Hoekstra

Oankeapmakeler en taksateur yn Fryslân.
100% de oandacht foar jo!

Foar al jo fragen oer
ûnreplik goed.

Efkes foarstelle

Bin wurksum as taksateur, boukundich ynspekteur en oankeapmakeler yn de provinsje Fryslân.

Dêrneist advisearje ik eigeners fan ûnreplik goed oer hoe’t se harren pân ferduorsumje kinne. Yn ’e rin fan ’e jierren haw ik in protte minsken yn de regio holpen by in taksaasje, oankeap of keuring fan harren wenning of bedriuwspân.

Nei ûnreplik goed sjoch ik foaral mei in technysk each. Mei myn technyske achtergrûn giet dat einliks automatysk. Ik fersoargje net allinnich taksaasjes, boukundige keuringen en oankeapkeuringen, mar bin ek oplaat as EPA- en legionella-adviseur en haw in brede ekspertize op it mêd fan asbestynventarisaasje.

Jo kinne altyd in berop op my dwaan wannear’t jo fragen hawwe yn ferbân mei jo wenning of bedriuwspân. Ik beskik, ek troch myn lidmaatskip fan VBO-makelaar, oer weardefolle kennis oangeande pânen en harren omjouwing yn Fryslân. Kennis dêr’t jo ek yn in folgjende faze fan profitearje kinne. Sa kin ik eigeners fan ûnreplik goed kontinu bystean mei in helder advys, bygelyks as der ferboud wurde moat of wannear’t jo beslute om in pân te ferhieren.

Ik bin lid fan VBO-makelaar, stean ynskreaun yn it SCVM- en NRVT-register yn de keamers wenjen en bedriuwsmjittich fêstgoed.

Meester-taxateur

Sûnt febrewaris 2020 bin ik meester-taxateur en bevoegd oankommend register taxateurs te begelieden by it beheljen fan it praktijkgedeelte. De rûte om register taxateur te wurden bestiet út twa dielen. Earst tsjinnet it basisdiploma taxateur te wurden behelle by ien fan de opleiders. Dêrnei folget in meester-gezeltraject.

Mear ynformaasje m.b.t. de oplieding is te finen op:
https://www.nrvt.nl/pe/praktijkopleiding-aankomend-register-taxateurs/

Keurmerken En Sertifikaten
Ik bin yn it besit fan ferskate keurmerken. Dat hâldt yn dat al myn taksaasjerapporten folslein ûnôfhinklik, fakkundich en neffens dúdlike rjochtlinen útfierd wurde.
EBT keurmerk

Bekijkt u deze website
liever in het Frysk?

Om uw voorkeur later te wijzigen, klikt u op de vlag in het navigatie menu.