Taksateur wenningen
Taksaasje nedich fan jo wenning?
Bygelyks foar de oanfraach fan in hypoteek, of it ferbouwen fan in wenning?
Taksateur
Taksaasje nedich fan jo wenning? Bygelyks foar de oanfraach fan in hypoteek, of it ferbouwen fan in wenning of winkel?
Ik meitsje in NWWI- of Taxateurs Unie-falidearre taksaasjerapport fan in wenning ynklusyf kadastrale resjerzje en bydrage NWWI.
Wannear’t in ferbouwing meitaksearre wurde moat, dan kin ik dat ek foar jo dwaan.
Kosten foar saaklike taksaasjes geane altyd yn oerlis en wurde foarôf ôfpraat.
NWWI taksaasje
Keapje jo in wenning en freegje jo dêrfoar in hypoteek oan, dan moat de taksaasje falidearre wêze.
Allinnich falidearre rapportaazjes wurde troch de Nederlânske finansjele ynstellingen en belestingtsjinst akseptearre.
Taksaasje wenning, wêr om tinke:
Nei de ynspeksje krije jo in taksaasjerapport mei dêryn ûnder mear de neikommende ûnderdielen:
- de taksaasjewearde mei ûnderbouwing dêrfan
- oerflakte en ynhâld neffens unifoarme NEN2580-noarmen
- kadastrale gegevens
- eigendomsgegevens
- beskriuwing steat fan ûnderhâld, brûkte boumaterialen, isolaasjegegevens en enerzjylabel, miljeuaspekten, lizzing en wykynformaasje
- referinsjewearden fan fergelykbere huzen
- plattegrûn wenning en perseel plus foto’s fan de wenning
Keurmerken En Sertifikaten
As taksateur bin ik lid fan VBO, feriening fan makelers & taksateurs, en stean ik ynskreaun yn de registers NRVT en SCVM yn de keamers wenjen en bedriuwsmjittich fêstgoed.



